SUP 11-City Tour set útein, mar mei it minne waar hellet net eltsenien Sleat

11 sep 2019 - 10:50

Ofrûne wykein wie de non-stop SUP 11-City Tour al, de Alvestêdetocht peddeljend op in surfboard. Mar woansdei is de tocht yn etappes úteinset. Eindoel foar woansdei is Sleat, mar it is noch mar de fraach of de suppers it helje. "It wurdt wol slim mei de wyn. Fan it súdwesten komt der wat stoarm oan. It kin samar wêze dat de Sleattemer Mar te gefaarlik wurdt. Miskien moatte wy tourders fan it wetter helje om't it net mear 'safe' is," seit Anne-Marie Reichman-Totah fan de organisaasje.

Foarsitter Ritske Merkus tinkt ek net dat it waar woansdei befoarderlik is. "Benammen efteroan is it frijwat wibelich, om't der golven fan foaren komme. Mei ideale omstannichheden hellet eltsenien it wol. Mar nei Ljouwert moat der in kanaal oerstutsen wurde en by de Swette del. De wyn stiet net geunstich, dat wurdt in hiele toer. Mar it giet om it besykjen: op dei twa is der wer in nije kâns." Moarn giet de tocht fan Sleat nei Warkum.

Soad nasjonaliteiten

Bysûnder is dat der in soad minsken út oare lannen meidogge. "Der dogge sa'n 30 nasjonaliteiten mei. Oekraïne, Sily, Amearika. It is wier ûnwerklik," jout Reichman-Totah oan.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei foarsitter Ritske Merkus

Anne-Marie Reichman-Totah is de betinkster fan de SUP 11-City Tour, mar sy docht sels ek mei. "Sa'n 36 oeren is behoarlik dreech, mar ek machtich moai. Je sjogge de sinne, mar ek stoarm, rein en de stjerrenacht. It wie prachtich, mar ek lestich om op 'e tiid binnen te wêzen", seit sy. Reichman-Totah hat der 25,5 oeren oer dien. Sy fynt de striid mei de eleminten tige moai. "De belibbing op it wetter, je brûke alle spieren en je meitsje de holle leech. Ik bin it leafst yn de natuer."

"Ik wie by Aldtsjerk en doe gie ik net sa hurd mear. Myn broer kaam nei my ta om te sizzen dat it wol krap wurde soe. Ik tocht: verdorie, dit binne de lêste 15 kilometer. Mar ik hie noch wat reserve. Der wie wol in soad fleurigens ûnderweis, lykas boaten mei muzyk. Doe fleach ik wer fierder. It wie wol apart, want in oere dêr foar wie ik noch kreupel."

Anne-Marie Reichman-Totah, betinkster fan de SUP 11-City Tour

(advertinsje)
(advertinsje)