Undersyk nei jeugdnetwurken dy't oer de skreef gean

Der rint op dit stuit in ûndersyk nei probleemjongeren dy't elkoar opsykje en geregeld oer de skreef gean. De gemeente Ljouwert, de plysje, it Iepenbier Ministearje en jeugdsoarch wolle dizze netwurken yn kaart bringe. Sa kinne se help ferline en wêr nedich fertochten oppakke. "We brengen in beeld wie de slachtoffers, de meelopers en de verdachten zijn", fertelt Maureen de Boer, direkteur fan it Veiligheidshuis.
Undersyk nei jeugdnetwurken dy't oer de skreef gean
Tiisdei waard bekend dat de lêste tiid mear as tsien jongeren de sletten ynstelling Elker yn Grins ferlitten ha. Se sitte dêr mei in saneamde rjochtlike machtiging. De measte binne nei Ljouwert gien. "Ze hebben hun roots in Leeuwarden of hun vrienden wonen daar. Over het algemeen is het niets nieuws dat jongeren weglopen uit opvanginstellingen", seit De Boer.

Strafbere feiten

Dochs binne der sinjalen dat jongeren elkoar de lêste tiid opsykje en yn los-fêst ferbannen operearje. "We hebben meerdere jongeren in beeld die te kampen hebben met complexe problematiek. Sommigen plegen strafbare feiten zoals diefstal, bedreiging en geweld." De Boer erkent dat by dizze groep ek jongeren út de Grinzer ynstelling sitte.
© Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
It Veiligheidshuis besiket yn kaart te bringen hoe't de jongeren elkoar fine en hokker ynfloed se op elkoar útoefenje. "In het verleden kwamen ze wel bij elkaar op bootjes, maar daar heeft de politie een einde aan gemaakt. Nu zoeken ze elkaar op in woningen." It giet om jongeren dy't al in lange jeugdhelpskiednis efter de rêch hawwe'.

Jeugdnetwurk

Op dit stuit hawwe de ynstânsjes fyftjin jongeren yn byld dy't ekstra omtinken nedich hawwe. Neffens De Boer is der gjin sprake fan in jeugdbinde. "Dat woord neem ik liever niet in de mond. Wij noemen het fluïde netwerken: jongeren de in wisselende samenstelling elkaar opzoeken. Dan komt er eentje bij, dan valt er eentje af. Op deze netwerken hebben we onze focus gezet."