Jonge fan fyts berôve by Ljouwerter fuotbalkoai

11 sep 2019 - 09:40

In minderjierrige jonge is bedrige en berôve by in fuotbalkoai yn Ljouwert. De koai stiet by de skoallen oan de Idzerdastins.

It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De jonge waard bedrige mei in foarwerp en moast syn fytskaai ôfjaan. Dêrnei waard syn fyts meinommen. De plysje hat yntusken twa minderjierrige fertochten oanholden. Sy sitte fêst foar ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)