Kollum: "Unlogysk"

"Fryske jagers sille ynkoarten it fjild yn om 150 deimen (damherten) dea te sjitten. Deimen binne tige gefaarlike bisten, sy frette bledsjes fan de beamkes. En sy brûke gjin kondooms, dus der komme tefolle fan. Stienmurden, dy't ús libbene natuer opfrette, hiele nachten yn it lân op lytse ljipkes en skrieskes omkôgje, dêr meie wy net oan komme. Unlogysk.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Der binne hjir wol hûndert ûnlogyske saken. Deputearre Douwe Hoogland griep bygelyks yn doe't de gemeente Hearrenfean neat die mei it ferhaal fan âld-wethâlder Age Hartsuiker oer in stowolk. Hoogland sleat it bedriuw en dat moat 5.000 euro de wike betelje as se net daalks in ôfsûchkapke meitsje. Mar Douwe sei ek dat hy net wis is as dat bedriuw wol skuldich wie. Dat is dochs ûnlogysk.
It is dus logysk dat de Ried fan Europa Nederlân in feech om de earen jout, om't de Friezen harren sels net wêze kinne. Net yn taal en identiteit. Wat, it regear docht syn taak net as it giet om it Frysk yn it ûnderwiis. No hat Fryslân sawat in nije leaver-dea-as-slaaf oarloch útfochten, om dat ûnderwiis sels te regeljen, mar ús taalskipper Sietske Poepjes hat noch net by alle skoallen del west, leau ik. Dus eamelet partijgenoat Harry van der Molen wat op de minister fan Ynlânske Saken om. Dy woe him yn it Frysk anderje, mar sy koe it Fryske wurd foar 'zeurkont' net fine.
Dat ivige Fryske driuwen. Wylst wy der sels fierstente min oan dogge. Tachtich persint fan de ynwenners fan Fryslân fynt it Frysk in aardich taaltsje. Sy wolle dêr bêst it ien en oar mei dwaan. Mar fan dat geseur fan de saneamde echte Friezen oer formele akseptaasje fan it Frysk, en dat hottefyljen oer as je yn de finzenis fan Ljouwert wol ferwolkomme wurde yn it Frysk, sakket harren de broek wer ôf.
Bêste foarbyld wie fansels ferline wike de Fryske Akademy. Us eigen wittenskiplik ûndersyksintrum. Te min jild fansels. Se binne liearre oan it lanlik KNAW, mar dat hat sa no en dan wol fraachtekens by it wittenskiplik nivo fan de Akademy. We klappe fatsoenlik by elk nij boek fan de Akademy, mar wy lêze it net. It giet oer de eigen wrâld fan de besletten Akademyploech. Dat is net ús wrâld.
De Akademy frege ferline wike de provinsje de rezjy oer te nimmen. Dat hawwe sy nea út hannen jaan wollen, mar dat moat no al, want der is fiif ton tekoart. De provinsje set op it stuit lykwols wittenskiplik jild mear yn foar wetter en hoe't je sâlte fisken yn swiet wetter waskje kinne. Dat is fan dizze tiid, de stúdzjes en boeken fan de Akademy helje dat net.
Dat klinkt frij wreed, mar wit al dat yndertiid doe't Tresoar alle Fryske ynstellingen oan it sammeljen wie, dat de Akademy wegere mei te dwaan. Se wearzgen fan it nivo van Tresoar. Dêr rint no elk fleurich yn. Dêr binne sy allegearre dwaande om histoaryske en wittenskiplike saken te dwaan dy't oan dizze tiid heakke wurde kinne.
It ferneamdste projekt fan de Akademy, Mercator, binne de Europeeske talen fan minderheden. Dêr dogge se yngreven stúdzje oer. Dy stjoere sy dan nei de Ried fan Europa en dy seit dan dat der te min oan de identiteit en taal dien wurdt en dat it regear in giele kaart krijt. Dêroer helje sy terjochte inkeld mar de skouders op.
De Akademy wol har eigentlik deljaan ûnder de provinsje. Mar nimmen regearde. Ja, Pieter de Groot, mar ek dy hie in ferhaal oer hoe't it eartiids gie. Dat wie doe wol passend, mar net oer hoe't it no gean moatte soe.
Dat is simpel: wy moatte it sels dwaan. Yn taal en identiteit. En yn de Akademy. De provinsje freegje de rezjy te nimmen, betsjut dat je dêrnei altyd wer sizze kinne: ja, mar de provinsje woe dat it sa hawe. Dan kinst dysels altyd ferskûlje. Stean op en meitsje sels in hiel nij wittenskiplik ynstitút. Soademiterje al je sûnt 1938 opdiene eigenaardichheden derút. Om my neame je it noch de Fryske Akademy, mar slute je wol oan by Tresoar, de hegeskoallen en de universitêre ideeën yn Ljouwert en Frentsjer. Sûnder wittenskip witte wy wol dat it no in nije tiid is. Logysk."