Steatefraksje Forum voor Democratie wol referindum oer hichte fan wynmûnen

11 sep 2019 - 08:27

De fraksje fan Forum voor Democratie yn de Steaten wol dat de provinsje in referindum útskriuwt oer de hichte fan wynmûnen. De fraksje hat in foarstel yntsjinne dat woansdeitejûn yn in kommisjegearkomste behannele wurdt. FvD-Steatelid Albert van Dijk fan Strobos hat it foarstel útwurke en tinkt dat it kâns fan slagjen hat. Deputearre Steaten hat lykwols oanjûn tsjin in referindum te wêzen.

"It giet net iens sasear oer it beswier op it ferheegjen fan wynmûnen. Mar wat it grutste punt is, is dat dit yn net ien ferkiezingsprogramma opnaam is. Dan is der in beslissing naam sûnder dat de befolking der wat oer sein hat. Dus: hawwe wy hjir wol in ferkiezingsmandaat foar? Moatte wy der net foar soargje dat de befolking der wat oer sizze kin?", jout Albert van Dijk oan.

Neffens him is de stim fan de befolking noch net genôch yn de Steaten te hearren. "Dêrom is Forum voor Democratie bygelyks ek yn de Steaten kaam mei seis sitten. Deputearre Kramer hat op de ferkiezingsjûn ek sein dat dy spjalt miskien wol grut is. Wy hawwe ús oeral sjen litten, en dochs hat net ien partij in sit wûn of him echt hearre litte kinnen."

Faker in referindum

Van Dijk jout wol oan dat referinda net oerdreaun wurde moatte. "Je kinne net oeral in referindum foar útskriuwe, hoewol't wy faker sa'n referindum tapasse wolle. Wy soene it wol op in frekwint tal mominten yn it jier wolle. Wynmûnen binne wol in wichtich punt," seit Van Dijk. Dan giet it net allinne oer de tiphichte fan mûnen. "Mar bygelyks oer oer de enerzjytransysje."

Foto: ANP

Deputearre Steaten tsjin

Deputearre Steaten hat oanjûn tsjin in referindum te wêzen. Dochs tinkt Van Dijk dat it kâns fan slagjen hat. "Grif wol, fan Deputearre Steaten hiene wy wol ferwachtsje kinnen dat sy hjir net op sitte te wachtsjen. Sy ferskûlje harren efter 'minsken hawwe genôch ynspraakmominten' en 'wy geane ek it lân yn.' Dat is in bytsje âlde polityk," fynt Albert van Dijk.

Steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie

(advertinsje)
(advertinsje)