"Doch mear mei 18e-iuwske, Fryske kaartkolleksje"

11 sep 2019 - 07:08

As it oan dr. Jacob van der Vaart leit, soe der mear dien wurde moatte mei de unike kolleksje 18e-iuwske kaarten fan grytman Johan Vegelin van Claerbergen (1690-1773). Dizze grutgrûnbesitter hat yn syn libben goed 111 kaarten makke en meitsje litten, fan it gebiet fan de âlde gritenijen Haskerlân en Doanjewerstâl. Om 2007 hinne binne dy kaarten allegearre scand, mar dêr wurdt op dit stuit net in soad mei dien. En dat is skande, neffens him.

Dr. Jacob van der Vaart yn Museum Joure - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn Museum Joure wie tiisdei in lêzing oer de kaartkolleksje, organisearre troch it Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân. Jacob van der Vaart wie lang as ûndersiker oan de Fryske Akademy ferbûn en hat yn 2007 tegearre mei K.F. Gildemacher it boek Een rijk bezit publisearre, dat oer de Vegelin-kaarten giet. Dêrfoar binne de kaarten scand, mar dy digitale ôfbyldingen lizze by Tresoar en binne net allegear samar op ynternet te finen.

"Ik tink dat it moai wêze soe as de scans hjir ek by it museum komme soene: in moai projekt foar de takomst," seit Van der Vaart. Hy tinkt oan Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân, dat yn Museum Joure sit. Haskerlân en Doanjewerstâl binne opgien yn Skarsterlân, dat no part is fan De Fryske Marren.

In soad kaarten binne net datearre. Van der Vaart: "Mar dêr is wat oan te dwaan, bygelyks mei Floreenkohieren. Op de kaarten falt faak te lêzen wa't eigener wie fan in stik grûn, dan kinne jo yn sokke registers útfine wannear't dy persoan eigener wie en wannear't dus de kaart makke is. Der is noch genôch út te sykjen foar leafhawwers en it Histoarysk Wurkferbân."

Untdekkingen

Foar it boek binne der safolle mooglik kaarten byinoar sammele. Dat wie in hiele toer, want sy leine op ferskate plakken: by Tresoar, it Fries Museum en de famylje Van Eysinga as erfgenamten. "Der waard goed op past troch de famylje, jonkhear Cees van Eysinga sei dat in soad kaarten yn kisten sieten. Dy binne foar in grut part nei Tresoar gien, mar der wiene al kaarten earne oars terjochte kaam." De bekende argivaris Wopke Eekhoff hat yn it ferline kaarten fan de famylje kocht. "En de kaarten út dy Eekhoff-kolleksje lizze by it Fries Museum."

It die bliken dat it Fries Museum foar harren 'ûnbekende' kaarten yn laden hie, dy't fan Vegelin wiene. "Yn it depot ûntdutsen wy tafallich op in kast ek in kaart. Wy seine: ferdomd, dit is it hânskrift fan Vegelin."

Unyk materiaal

"Vegelin van Claerbergen is syn hiele libben gek bleaun mei kartografy," seit Van der Vaart. "Der binne tige moaie kaarten by, mar ek kaarten dy't yn it fjild mei potlead sketst binne." Se jouwe in detaillearre byld fan grûngebrûk, bebouwing, ferkaveling en paden en fearten yn it ferline.

"It binne suver kadasterkaarten, mar dan hûndert jier âlder," seit Van der Vaart. It kadaster is yn Nederlân yn 1832 ynfierd. Doe wie der al in soad feroare, yn Aldehaske binne bygelyks âlde perselen yn wetter ferdwûn troch de feanterij fan de 18e iuw. Op de kaarten fan Vegelin binne dy noch wól te sjen. "Dat makket de kaarten unyk."

"Vegelin van Claerbergen wie dúdlik Frysktalich," leit Van der Vaart út. "Dat sjogge jo ek oan de opskriften op de kaarten." Sa skreau Vegelin ûnder oare 'Jouwer' (ynstee fan it Nederlânske Joure), 'Halle' (as yn it Fryske 'Haule, fan Ousterhaule) en 'hekke' (fan it Fryske hikke).

(advertinsje)
(advertinsje)