Measte Fryske útstjit fan broeikasgassen yn de gemeenten mei grutte plakken

11 sep 2019 - 07:09

It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) hat sifers oer de útstjit fan broeikasgassen bekend makke. Yn Fryslân leit de útstjit leger as op in soad oare plakken yn Nederlân, hielendal as it om de Rânestêd giet. Binnen Fryslân sels binne de sifers net tige ûnferwachts: de gemeenten mei de grutte stêden steane boppe-oan. Dan giet it benammen om Ljouwert, Smellingerlân en Hearrenfean.

Foto: ANP

As it om it totaal oan útstjit fan broeikasgassen giet, steane de gemeenten mei de gruttere plakken dus boppe-oan: Ljouwert (3 kg CO2-ekwifalint op in m2), Smellingerlân (2,8), en Hearrenfean (2,6). Dan giet it net allinne om CO2, mar ek om metaan, gniisgas en F-gassen. De minste útstjit is op de eilannen, Flylân (0) stiet hielendal ûnderoan.

De heechste útstjit fan broeikasgassen yn Nederlân is lykwols yn de gemeente Velsen (208,4). Dêr is de útstjit oan broeikasgassen op in fjouwerkante meter wol 42 kear grutter as it lanlik trochsneed (5 kg CO2 op in m2). De totale útstjit fan broeikasgassen yn Nederlân yn 2018 is neffens it CBS 189,3 miljard CO2-ekwifalint (in rekkenienheid foar útstjit fan gassen). Dat is 2 persint leger as yn 2017 en 15 persint leger as yn 1990.

Feefokkerij: heechste útstjit metaan

De útstjit fan metaan lit in oare ferdieling sjen as de útstjit fan CO2. De útstjit kin heech wêze troch bygelyks stoartplakken foar ôffal en glêstúnbou, mar de grutste boarne foar de útstjit fan metaan is de feefokkerij. Dêr komt twa-tredde fan de metaan-útstjit wei. Yn gebieten mei in soad yntinsive bargehâlderijen is de útstjit bygelyks heger.

Yn Fryslân is de útstjit fan metaan it heechst yn Hearrenfean (0,86), Weststellingwerf (0,68) en Eaststellingwerf (0,65). Wat dat oanbelanget, lit it dus in oar byld sjen as de CO2-útstjit of de totale útstjit oan gassen.

De Fryske útstjit fan broeikasgassen yn 2017 (CBS)

Totaal broeikasgassen (kg CO2-ekwifalint op in m2) CO2-útstjit (kg op in m2) Metaan-útstjit (kg CO2-ekwifalint op in m2)
Ljouwert 3 2,1 0,61
Smellingerlân 2,8 1,9 0,51
Hearrenfean 2,6 1,4 0,86
Achtkarspelen 2,1 1,3 0,51
Tytsjerksteradiel 2,1 1,1 0,57
Waadhoeke 1,8 1 0,51
Dantumadiel 1,8 0,8 0,59
Opsterlân 1,7 0,7 0,59
Weststellingwerf 1,7 0,6 0,68
Eaststellingwerf 1,5 0,6 0,65
De Fryske Marren 1,3 0,6 0,45
Súdwest-Fryslân 1,2 0,5 0,44
Noardeast-Fryslân 1 0,4 0,4
Harns 0,9 0,9 0,03
Amelân 0,2 0,1 0,05
Skiermûntseach 0,1 0 0,04
Skylge 0,1 0 0,02
Flylân 0 0 0,01
(advertinsje)
(advertinsje)