Sjoerd Galema fan VNO-NCW: "Stikstofslot set hiele ekonomy op slot"

10 sep 2019 - 23:04

Nederlân moat fuortendaliks ôf fan it ferstikkende stikstofslot. Dêrfoar pleitsje ûnder oare VNO-NCW en MKB. De wurkjouwersorganisaasjes fine dat der maatregels komme moatte om de oanlis fan wenwiken, spoarwegen en griene projekten, lykas wynmûneparken, trochgean te litten.

Boufakker - Foto: Shutterstock.com

Neffens Sjoerd Galema fan VNO-NCW is der oars in gefaar dat grutte bouprojekten fan takom jier ôf net trochgean kinne. Ien fan de maatregels dy't neffens Galema wurkje kinne, is it werombringen fan de maksimumsnelheid fan 130 nei 100 kilometer yn 't oere.

As der neat bart, giet de hiele ekonomy fan Nederlân op slot, seit Galema. Neffens him binne de regels yn Nederlân fierstente strang yn fergeliking mei Dútslân en België. "Mei selsbetochte regels dy't we sels ek hast net begripe... Want ik begryp ek net as mins dat de wenningbou fan in hûs, pak 'm beet, yn Boalsert ynfloed hat op de natoer yn De Alde Feanen. Dat kin nimmen my útlizze, mar dy relaasje is no wol de reden dat dat hûs yn Boalsert net boud wurde kin."

VNO-NCW wol in ein oan de oanwissichheid en dat benammen de lanlike oerheid in belied makket dat wurkber is. "Dat rjocht docht oan de natoerbelangen, mar dat net de hiele ekonomy op slot set", seit Galema.

Sjoerd Galema fan VNO-NCW

(advertinsje)
(advertinsje)