Pier Eringa oan de slach by CBR om lange wachttiden fuort te wurkjen

10 sep 2019 - 22:47

De eardere ProRail-baas Pier Eringa, fan Burchwert ôfkomstich, sil by it CBR oan de slach. De organisaasje hat grutte achterstannen by it fuortwurkjen fan de wachttiden foar minsken dy't harren keure litte moatte foar in rydbewiis. Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer hat Eringa frege om te helpen by it oplossen fan de problemen. Eringa, dy't in soad ûnderfining as bestjoerder hat, sil de direksje fan it CBR bystean.

Pier Eringa - Foto: ANP

It duorret no gemiddeld njoggen wiken foardat minsken dy't keurd wurde moatte, antwurd krije fan it CBR. Dat kin oprinne oant tweintich wiken. De tanimmende fertraging komt ûnder oare trochdat mear minsken harren no meld ha, om't se bang binne dat harren rydbewiis net op tiid ferlinge wurdt. Ek kin it CBR net genôch keuringsdokters fine, skriuwt de minister oan de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
CBR ProRail Pier Eringa
(advertinsje)
(advertinsje)