Week van de Alfabetisering fan start op It Hearrenfean

10 sep 2019 - 21:54

Net goed lêze of skriuwe kinne. It probleem is grutter as de measte minsken tinke: 2,5 miljoen Nederlanners ha der lêst fan. Yn de Week van de Alfabetisering, dy't no plakfynt, is der omtinken foar dizze groep. It is in probleem dat by sawol jong as âld spilet, ek yn Fryslân. Yn ús provinsje leit it oantal minsken dat muoite hat mei lêzen en/of skriuwen wat heger as yn de rest fan it lân.

Yn de biblioteek fan It Hearrenfean waard tiisdei it startskot jûn foar de temawike. Neffens Marieke Vellinga, projektlieder fan Stichting Lezen & Schrijven, fine in soad minsken it dreech om ta te jaan dat se net goed lêze of skriuwe kinne. De stichting wol dat besprekber meitsje.

Baukje Tilma is as frijwilliger aktyf om minsken fierder te helpen mei harren taalproblemen en fynt dat geweldich om te dwaan. "Foaral ast dan minsken hearst dat se harren better rêde kinne, dat it harren gelok ferheget en dat se mear mei sin nei it wurk geane."

(advertinsje)
(advertinsje)