Hiele wrâld is gek op fierljeppen: filmkes miljoenen kearen besjoen

10 sep 2019 - 21:15

Fierljeppen is net allinnich in prachtige tradisjonele Fryske sport, mar it is ek tige populêr yn de rest fan de wrâld. Alteast, dat meie we opmeitsje út de sjochsifers fan in tal geweldige sprongen fan Fryske toppers dy't de wrâld oer gean. Benammen Nard Brandsma en Oane Galama dogge it goed. Wat kin it Frysk Ljeppers Bûn mei dit sukses?

In sprong fan Oane Galama, dy't op ferskate ynternasjonale ynternetkanalen te sjen is, waard yn totaal al sa'n 100 miljoen kear besjoen. Dat hat Lars Hoekstra fan de online-redaksje fan Omrop Fryslân berekkene. In filmke fan in sprong fan Nard Brandsma is allinnich op it Twitter-account fan de Ingelske sportsjoernalist Chris Hammer al mear as in miljoen kear besjoen en tûzenen kearen retweet.

Teye Dijk fan it Frysk Ljeppers Bûn is út de skroeven mei alle oandacht foar it fierljeppen op sosjale media. "Ik hearde it fan 'e wike foar it earst. It is natuerlik fabelachtich, ûnfoarstelber! Dat binne getallen, dat giet je begryp gewoan te boppe. Dat it sa faak sjoen wurdt en sa faak de wrâld oer gien is. Mar ja, it toant wol oan dat it fierljeppen in prachtige, spektakulêre 'kijksport' is."

Ekstra kânsen en mooglikheden

It Frysk Ljeppers Bûn hat tafallich moandeitejûn yn de bestjoersgearkomste praat oer it sukses fan de fierljepfilmkes yn de hiele wrâld, seit Dijk. Se wolle har der no oer beriede hoe't se harren foardiel hjir mei dwaan kinne foar de fierljepperij. Dijk: "Yn it ferline ha we ek wolris demonstraasjes jûn yn Japan en Súd-Koreä. Yn Súd-Koreä is der sels noch wat fan fierljeppen hingjen bleaun, op lokaal nivo. Mar ik soe my foarstelle kinne, dat it ek stimulearre wurdt om dat fierljeppen fierder de wrâld yn wer opnij op te pakken."

Nard Brandsma - Foto: Martin de Jong

Neffens Dijk is it in moaie kâns om it fierljeppen te promoatsjen en nije leden derby te krijen, mar ek sponsoaren en dan benammen in haadsponsor. "Dy komt wol hiel faak yn byld, dus dy treft it. Op de klean komt natuerlik de namme fan de nije sponsor te stean en as dat 100 miljoen kear de wrâld oer giet, no dat is nochal wat. We tinke dat dit ekstra kânsen en mooglikheden jout."

Harm Weistra praat mei Lars Hoekstra fan de online-redaksje fan de Omrop en mei Teye Dijk fan it Frysk Ljeppers Bûn

(advertinsje)
(advertinsje)