Rydfeardigensdei moat 50-plussers langer op 'e dyk hâlde

10 sep 2019 - 19:59

Foar 50-plussers dy't harren rydkeunsten yn it ferkear tsjekke wolle, wie der tiisdei op De Jouwer in rydfeardigensdei. Foar de njoggentjinde kear al waard dizze dei foar automobilisten organisearre.

De Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) rjochtet har foaral op âlderein, om't harren refleksen yn it ferkear somtiden ôfnimme en om't der hieltyd mear nije regels by komme. "We willen dat ouderen langer veilig op de weg kunnen rijden. Met deze cursusdag kunnen we mensen tips geven waar ze meer aandacht aan moeten besteden. Zo kunnen we twijfels die ze hebben over hun rijstijl wegnemen", sa fertelt Wilma Rabe fan it SBV.

Ien fan de dielnimmers is de 67-jierrige Anny Krijger fan De Lemmer. Se docht mei om't se alle kânsen oangrypt om har rydstyl te ferbetterjen. "Ik vind het fijn om te horen wat ik misschien nog kan verbeteren", fertelt Krijger. "Elk jaar kijk ik ook naar de nieuwe verkeersregels en -borden." Krijger docht it dan ek poerbêst. "Als ik ouder ben wil ik ook nog in mijn auto kunnen rijden. Dan wil ik niet dat mensen zeggen: 'zie je wel, die ouderen kunnen niet rijden'. Ik kan zelfs beter rijden dan veel jongeren!", seit se grutsk.

(advertinsje)
(advertinsje)