Saakkundigen út de hiele wrâld bûge har yn Ljouwert oer oanpak sâltige lânbougebieten

10 sep 2019 - 19:21

Yn de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert wurdt fan tiisdei oant en mei freed in grut ynternasjonaal kongres hâlden oer it sâlter wurden fan lânbougebieten. Sa'n twahûndert saakkundigen út de hiele wrâld dogge der oan mei.

Ut resinte sifers docht bliken dat der oer de hiele wrâld sa'n oardel miljard bunder oan sâltige lânbougrûn bestiet. Yn lannen as Etiopië, Egypte, Yndia, Pakistan en Australië binne grutte lânbougebieten sa sâlt, dat se net mear brûkt wurde kinne. Ek yn Fryslân spilet it probleem fan tanimmende sâlte grûn, foaral yn it gebiet by de Waadkust. Op dit stuit is de urginsje hjir noch net sa grut, mar as der yn de kommende jierren net yngrepen wurdt, kin dat grutte gefolgen ha foar de folgjende generaasjes.

Grûnwetteratlas presintearre

Op it kongres presintearren Wetterskip Fryslân, de provinsje en wetterbedriuw Vitens de grûnwetteratlas fan Fryslân. Dat is in gearfetting fan in wiidweidige stúdzje nei de wurking fan it Fryske grûnwettersysteem fan eartiids, no en yn 'e takomst. Dat lêste byld wolle de dielnimmende partijen brûke om de provinsje ta te rieden op de ûntwikkelingen dy't ús te wachtsjen steane. De grûnwetterstân is net allinnich wichtich foar de lânbou, mar ek foar de natuer, de greidefûgels en de beboude omjouwing.

De problemen fan it sâlter wurden wurde net allinnich bestriden troch oanpassingen fan de wetterstân. Op ferskate plakken wurdt besocht om de grûn wer sûn te meitsjen. Ek wurdt der wurke oan lânbouprodukten dy't op sâlte grûn groeie kinne. Troch de klimaatferoaring sil it probleem de kommende desennia allinnich mar grutter wurde, sa tinke de saakkundigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)