Protest op Skier tsjin gasboarringen: fjirtich minsken as mûntsen ferklaaid

10 sep 2019 - 18:42

Ferklaaid as mûntsen diene fjirtich minsken tiisdei mei oan de stille tocht op Skiermûntseach. It eilân wurdt omsingele troch boarplatfoarmen en gaswinning en dat moat net. Dat fynt de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog, dy't dêrom tiisdei yn aksje kaam.

'Laat ons niet zakken Schiermonnikoog' stiet op it boerd fan eilanner Maaike van Boven. Se is ien fan de âldste aksjefierders tsjin de gaswinning op it eilân en hat in dúdlike motivaasje dêrfoar. "Ik vind dat dit bewaard moet worden voor de kinderen. Die hebben het harder nodig dan wij. We moeten maar op andere dingen overgaan, daar zijn ze intelligent genoeg voor."

De stille tocht

Om harren miening krêft by te setten hawwe de aksjefierders tiisdeitemiddei buorden mei it logo yn de grûn plante. Dêrnei binne se yn optocht troch it doarp rûn, nei it gebou dêr't de minsken fan ONE-Dyas sieten om de Skiermûntseagers by te praten oer de foarnommen gaswinning. De hope is dat dit protest like suksesfol is as dat tsjin de plannen fan Engie. Dy plannen giene úteinlik net troch omdat der wjeraksel wie yn de Twadde Keamer, dy't der úteinlik oer giet.

Van Boven hat alris earder protestearre, yn Den Haag. Doe wiene se ek ferklaaid as mûntsen en hie se itselde boerd mei. "Ik wilde het bord eigenlijk weg doen, maar ik heb het nu weer nodig. Het gaat gewoon door", fertelt se. "Je moet tegen die grote bazen vechten en dat is niet makkelijk. Maar ik denk dat we toch wel weer winnen. Hoop ik."

Foto: RTV Noord

Gasbedriuw ONE-Dyas hold tiisdeitemiddei op it eilân in ynformaasjegearkomste dêr't elkenien mei fragen nei ta koe. Neffens Chris de Ruyter fan de direksje fan it bedriuw wie der in goede sfear, mar koe de opkomst wat heger. De aksjegroep Horizon Schiermonnikoog hat dus ek op de gearkomste west. De Ruyter wie bliid dat er de dialooch oangean koe en begrypt de soargen fan in diel fan de eilânbewenners. "Wat we horen is begrijpelijk en is te plaatsen in de context van allerlei andere zaken die er spelen op het gebied van gaswinning."

ONE-Dyas seit de soargen serieus te nimmen, mar wiist tagelyk op it belang fan it Nederlânske gas. De Ruyter: "Gas is nog een hele tijd nodig en als je dat dan uit Nederland haalt, is dat eigenlijk beter. Het is schoner, het geeft uiteindelijk een economisch voordeel in plaats van dat aan het buitenland te geven, en het verlaagt de afhankelijkheid van andere landen op het gebied van energievoorziening."

It bedriuw is op it stuit dwaande mei stúdzjes nei it boarjen fan it gas boppe Skiermûntseach. Oan de hân dêrfan wurdt der in miljeu-effektrapportaazje opsteld en fergunningen oanfrege en úteinlik wurdt alles besprutsen mei de oerheid. ONE-Dyas ferwachtet der op syn betiidst yn 2022/23 gas winne te kinnen.

Chris de Ruyter fan de direksje fan ONE-Dyas

Hoe sit it krekt mei de gaswinning boppe Skiermûntseach?

It gasfjild, dat tweintich kilometer boppe Skiermûntseach leit, waard yn septimber 2017 ûntdutsen. In proefboarring yn febrewaris 2018 wiisde út dat der in 'winbere hoemannichte' yn de grûn sit. Ferline jier simmer waard bekend dat de gasprodusint ONE-Dyas in winningsfergunning oanfrege hat foar it gasfjild. De gasprodusint wol yn totaal tolve putten slaan boppe it Waadeilân.

Op dit stuit wurdt der ûndersyk dien nei de gefolgen fan de gasboarringen foar it miljeu. It rapport sil beskriuwe watfoar gefolgen de gaswinning hawwe sil foar Natura 2000-gebieten yn de buert yn Nederlân en Dútslân en foar in oesterbank fan it Wereld Natuur Fonds yn de buert fan it gasfjild.

In sjenswize yntsjinje oer de plande gaswinning kin oant 12 septimber. De miljeu-effektrapportaazje, ferskate dielstúdzjes en de oanfragen foar fergunningen wurde nei ferwachting ein 2019 yntsjinne troch ONE-Dyas.

(Advertinsje)
(Advertinsje)