Gjin animo by Friezen om mei te praten oer profyl nije dykgraaf

10 sep 2019 - 18:01

De ynwenners fan Fryslân hawwe gjin ferlet om mei te praten oer de profylskets foar de nije dykgraaf fan Wetterskip Fryslân. It wetterskip soe tiisdeitejûn in ynspraakbyienkomst hâlde om gewoane Friezen de kâns te jaan om har miening te jaan oer watfoar kwaliteiten de nije dykgraaf beskikke moat. De ynspraakbyienkomst is lykwols skrast omdat net ien him of har by it wetterskip as ynsprekker meld hat.

Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens wurdfierdster Hanneke Nieuwenhuis meie je hjir net de konklúzje oan ferbine dat it de Friezen neat skele kin watfoar man of frou de nije dykgraaf wurdt. "Je kinne it ek sa sjen dat minsken der wol betrouwen yn hawwe dat it bestjoer in goede kandidaat útsykje sil", seit Nieuwenhuis. Mar it bestjoer fan it wetterskip keas earder foar in 'iepen en transparante' proseduere en dêrby heart ek in ynspraakgelegenheid, lykas ek wol dien wurdt mei de profylskets foar in nije boargemaster.

Swiere proseduere

Wetterskip Fryslân is op syk nei in opfolger fan dykgraaf Paul van Erkelens. Hy hâldt oan 'e ein fan dit jier op. It algemien bestjoer sil no nije wike moandei de profylskets fêststelle sûnder ynbring fan de boargers fan Fryslân. De fakatuere wurdt op 21 septimber publisearre. De beneaming fan in dykgraaf is in swiere proseduere. De foardracht foar de nije dykgraaf moat ek foarlein wurde oan Deputearre Steaten en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De ferwachting is dat de nije dykgraaf yn de maaitiid fan takom jier beneamd wurdt foar in perioade fan seis jier.

Ynhâld profylskets

Yn de konsept-profylskets fan it bestjoer stiet ûnder oare dat Wetterskip Fryslân "in ynspirearjende en ynnovative bestjoerder siket, mei grutte maatskiplike sensitiviteit." De nije dykgraaf moat "beslútfeardich wêze yn tiden fan krisis", mar ek beskikke oer "relativearringsfermogen en gefoel foar humor." Fierders fynt it bestjoer it wichtich dat de nije man of frou it Frysk yn 'e macht hat of oars ree is om de taal gau te learen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)