Skoutinglieder (20) krijt selstraf en tbs foar ûntucht mei famkes

10 sep 2019 - 17:42

In 20-jierrige man út Feanwâlden hat twa jier sel en tbs krigen fanwege ûntucht mei fjouwer jonge famkes en fanwege it meitsjen en fersprieden fan berneporno. Under de slachtoffers is ek it suske fan de Feanwâldster.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man wie as frijwilliger aktyf by skoutinggroep De Drones yn Drachten. Hy hat de famkes misbrûkt en ek stikem op de foto set, ûnder oare yn in klaairomte fan in swimbad. Hy wie behearder fan in bernepornosite, dêr't mear as in heal miljoen ôfbyldingen op stiene. Neffens de rjochtbank wie er hiel profesjoneel aktyf op ynternet.

Neist de selstraf krijt de man ek in jier jeugddetinsje oplein, omdat er minderjierrich wie doe't er syn suske misbrûkte. Boppedat moat er syn slachtoffers goed 50.000 euro skeafergoeding betelje.

Justysje hie in selstraf fan fjouwer jier en tbs mei twangferpleging easke.

(advertinsje)
(advertinsje)