Smoke mei net mear by tal skoallen, bedriuwen en sikehûs yn Smellingerlân

10 sep 2019 - 17:21

It gebiet om ROC Friese Poort yn Drachten hinne is sûnt koart offisjeel smookfrij. Om de skoalle hinne binne buorden delset en linen lutsen dy't oanjouwe dat binnen dat gebiet net mear smookt wurde mei.

Foto: Johan Zandstra

Friese Poort is ien fan de earste ynstellingen yn de gemeente dy't safier is mei in smookfrij belied. Ek oare bedriuwen, ynstellingen en organisaasjes wurkje dêroan. Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en Philips wurde mei yngong fan oktober smookfrij, sawol binnen- as bûtendoar. It betsjut dat der allinne noch yn it middeisskoft smookt wurde mei. Beide bedriuwen helpe meiwurkers dy't smoke, om der fan ôf te kommen.

Foto: Johan Zandstra

De gemeente Smellingerlân hat in spesjaal aksjeplan ûntwikkele foar in smookfrije en sûne generaasje. Dêryn is spesjaal omtinken foar smookfrije sônes yn gebieten dêr't bern komme, lykas by sportferieningen en skoallen. De gemeente helpt de organisaasjes dêrby. Dan giet it bygelyks om it mooglik meitsjen fan linen en buordsjes op gemeentegrûn, lykas by ROC Friese Poort.

(advertinsje)
(advertinsje)