Deputearre Kramer oer Fryske krimp: "Súdwesten en súdeasten groeie noch hieltiten"

Deputearre Johannes Kramer seit yn in earste reaksje dat er net skrikt fan de prognoaze fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Kramer wiist derop dat oant no ta mar in part fan Fryslân mei krimp te krijen hat. "Der is krimp yn Noardeast-Fryslân, mar Súdwest-Fryslân en it súdeasten groeie noch hieltiten."
Deputearre Johannes Kramer © FNP
Kramer ferwachtet dat mei tanimmende befolkingsdruk yn Noard-Hollân en ek yn de stêd Grins Fryslân foar hieltyd mear minsken in oantreklik alternatyf wêze kin. "Minsken dy't hjirwei komme en yn it Westen alle dagen yn de file stean, kinne jo mooglik ferliede om werom te kommen. Mei lytse bern kinne jo better yn it grien wenje as tusken beton." Kramer wol dêroer yn petear mei de belutsen gemeenten en mei wenningkorporaasjes.
De deputearre wiist der fierder op dat de provinsje Fryslân yn syn gehiel "noch lang gjin" krimpprovinsje is. Yn 2018 wie der, troch in festigingsoerskot, in groei fan fjouwerhûndert minsken en ek dit kalinderjier wurdt op 'e nij 'in plus' ferwachte.
Mei in fergrizende befolking wurdt, seker op termyn, krimp in feit, mar Kramer ferwachtet yn Fryslân gjin 'wrede krimp' mei ferkrotsjende huzen en wenwiken. "It is in gegeven, dêr't jo mei omgean moatte. As jo gebieten mei krimp oantreklik hâlde, kinne jo ek wer minsken oanlûke. Dêr bin ik fan oertsjûge."
Deputearre Kramer oer krimp