Suprekôr is net helle, "mar dan besykje wy it takom jier wer"

10 sep 2019 - 16:53

It rekôr mei-inoar op suppe is tiisdei yn Ljouwert net ferbetterre. Foar it rekôr woe de organisaasje 1111 suppers tagelyk in rûte ôflizze litte. Safolle wiene der net. It rekôr bliuwt dêrom yn Russyske hannen.

Foto: Omrop Fryslân

Suppe is steande op in surfplank mei in peddel jin oer it wetter fuortbewege. It sintrum fan Ljouwert wie ôfsetten foar de supmanifestaasje. It sammelplak wie it wetter by De Harmonie. It rekôr waard dus net brutsen, mar dat deart Ritske Merkus fan de organisaasje net safolle. Der is wol in soad jeugd op ôfkommen en dan is it kwa promoasje slagge, seit er "En oars besykje wy takom jier wer it rekôr te brekken. It is net sa slim dat it in jierlikse happening wurdt."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries is by de start

It suppen stiet de lêste tiid wol yn de belangstelling. Ofrûne wykein wie der in nonstop-suptoernee. Sechstjin dielnimmers hawwe dy tocht útpaddele. Woansdei begjint de sup-alvestêdetocht. De earste etappe fan Ljouwert nei Sleat fan 48 kilometer is fuortendaliks ek de swierste. Omdat de suppers net mear oer it kanaal meie, moatte se omfarre en is de ôfstân wat langer. En dan moatte se oan de ein ek noch de Sleattermer Mar oer, wat net tafalt, seit Merkus. De dielnimmers oan de sup-alvestêdetocht komme rûnom út de wrâld wei. Merkus neamt in pear lannen op: Nij-Seelân, Japan, Sina, Oekraïne en de Feriene Steaten.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries om 17.20 oere

Trefwurden: 
Ljouwert suppe wrâldrekôr
(Advertinsje)
(Advertinsje)