Voedselbank Drachten krijt foar ien kear bedrach fan gemeente

De Voedselbank yn Drachten krijt foar ien kear in subsydzje fan 14.500 euro fan de gemeente Smellingerlân, om de tekoarten oan te foljen dy't foar dit jier foarsjoen wurde.
© Omrop Fryslân
De Voedselbank wrakselet al skoften mei jildkrapte, ûnder oare troch hegere hier- en enerzjylesten. Ferline jier moast de organisaasje twongen nei in oar en djoerder ûnderkommen ferhúzje. Dêrneist krijt de Voedselbank minder jild binnen foar de deistige gong fan saken, omdat donateurs leaver jild jouwe foar in spesjaal doel, lykas in bus of in koelynstallaasje.
De organisaasje hie frege om mear strukturele subsydzje, mar safier wolle boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân net gean. Se wolle mei de organisaasje prate oer hoe't se mei elkoar minsken helpe kinne dy't ôfhinklik binne fan de Voedselbank.