Fryske dartbûn optein en ferrast oer grut toernoai yn Ljouwert

10 sep 2019 - 16:20

It Fryske dartbûn is der wiis mei dat it ynternasjonale bûn in grut toernoai hâlde sil yn it WTC Expo yn Ljouwert. Foar it bûn kaam it nijs wol as in grutte ferrassing.

Foto: Orange Pictures

De Professional Darts Corporation, de PDC, sil yn septimber takom jier in European Tour organisearje yn Ljouwert: mei plak foar tûzenen minsken yn de seal, in grut poadium en telefyzjekamera's. Topdarters as Michael van Gerwen, en ek Danny Noppert fan De Jouwer komme dêr yn aksje.

"Moai foar it Fryske darten"

Foarsitter Tseard Douma fan it Fryske dartbûn is optein dat de PDC foar Fryslân keazen hat. "Foar de Fryske dartsport is dit in moaie ûntwikkeling. Wy dogge sels in protte foar de jeugd en dan docht hieltyd bliken dat sy har fergelykje mei de Van Gerwen's en de Noppert's fan dizze wrâld. No krije sy de kâns om yn it WTC as taskôger de grutte manlju te bewûnderjen, sûnder dêrfoar reizgje te hoegen."

Douma fynt it ek moai dat Friezen no de kâns krije om har op ynternasjonaal nivo te presintearjen. Der komt nammentlik in saneamde 'local qualifier', hjirfoar kin yn prinsipe elkenien him ynskriuwe. De bêst prestearjende darters yn dizze kwalifikaasje, meie meidwaan oan it grutte toernoai.

In ferrassing

Foar it Fryske dartbûn kaam de kar foar Ljouwert as in grutte ferrassing: "Wy hawwe gjin kontakt hân mei de PDC en ek net mei it WTC, dus it nijs kaam foar ús folslein as in ferrassing", seit Douma.

Ynternasjonaal jeugdtoernoai

It toernoai yn it WTC Expo wurdt takom jier fan 11 oant en mei 13 septimber hâlden. Takom moanne organisearret it Fryske dartbûn noch in grut ynternasjonaal toernoai foar jeugdspilers: de Next Talent of Darts. Dat wurdt snein 20 oktober spile yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean en moat ek jild opsmite foar it goede doel.

Foarsitter Tseard Douma fan it Fryske dartbûn

Trefwurden: 
Ljouwert darten WTC Expo
(advertinsje)
(advertinsje)