Iepenloftspul Opsterlân opnij ôfblaasd om waarsferwachting

It iepenloftspul fan Opsterlân yn De Himrik hat de foarstelling fan it stik Animal Farm foar woansdei ôfblaasd. It stik kin net spile wurde, omdat der wiet waar en hurde wyn foarsein wurde. It is al de twadde kear dat it iepenloftspul ferskood wurde moat fanwege it waar.
© Sietse de Boer
De premjêre moast ferline wike ek al in dei ferskood wurde, fan freed nei sneon, en ferreinde úteinlik ek foar in part. De foarstelling fan kommende woansdei wurdt nei snein 15 septimber ferskood.
De spilers krije it drok, want it stik wurdt freed en sneon ek opfierd. De waarsfoarsizzingen binne dan in stik better.
Animal Farm © Omrop Fryslân
Spylskema:
De foarstellings fine plak op it terrein fan Speelbos Sparjebird op De Himrik en begjinne alle kearen om 20.00 oere.
Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op de spesjale iepenloftspulside fan Omrop Fryslân. Hjir fynst filmkes, artikels en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.