Takom wykein gjin treinferkear tusken Bûtenpost en Ljouwert

Der ride kommend wykein gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost. Dy dagen wurdt wurke oan it spoar. It spoar moat oanpast wurde sadat yn de takomst in ekstra sneltrein ride kin tusken Ljouwert en Grins.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Fanwege it wurk dit wykein ride der bussen tusken Ljouwert en Bûtenpost. Tusken Grins en Bûtenpost ride allinnich stoptreinen. Reizigers moatte rekken hâlde mei op syn meast in heal oere ekstra reistiid. De fyts meinimme yn de bus kin net. De treinen ride moandeitemoarn fan 5.30 oere ôf wer neffens de tsjinstregeling.