Restaurearre skilderij 'Brugzicht met een boot' no te sjen foar publyk

10 sep 2019 - 14:06

Somtiden hat in museum fan dy juwieltsjes dy't it graach sjen litte wol, mar dy't earst in opknapbeurt ûndergean moatte. Dat jildt foar it skilderij 'Brugzicht met een boot' fan Museum Heerenveen. It skilderij fan de Feanster keunstner Dirk Piebes Sjollema is ûnder in laach stof weikaam en restaurearre. It opknapte skilderij wurdt tiisdei ûntbleate.

Foto: Museum Heerenveen

"Het gaat om een prachtig landschap", fertelt konservator Linda Palil-Trip fan Museum Heerenveen. "Voorop ligt een boeier. Daarin zitten drie mensen te vissen. Zij liggen tegen een brug aan. Op de achtergrond zie je twee koeiendrijvers. Zij kijken naar de rijke heren die heerlijk aan het vissen zijn."

Op de achtergrûn is de 'skyline' fan It Hearrenfean te sjen, mei it tuorke fan de Crackstate en de mûne. "De molen is er helaas niet meer, maar mensen die bekend zijn met oude schilderijen van Heerenveen zullen direct zeggen: kijk, dat is Heerenveen!"

Dirk Piebes Sjollema

Keunstner Dirk Piebes Sjollema wenne oan de Herenwal op It Hearrenfean. "Hij keek altijd uit op de gracht. Hij is een echte schepenschilder. Het is ook niet zo gek dat het Fries Scheepvaart Museum veel werk van hem in bezit heeft."

De râne fan it skilderij sûnder list - Foto: Museum Heerenveen

Dit skilderij krige it Hearrenfeanster museum yn 1989. "Het is gered uit een pand aan de Herenwal in Heerenveen. Het was onderdeel van een behangsel en dit deel is uitgesneden."

Eartiids hold it berop fan hûsskilder wat hiel oars yn as no. Hûsskilders wiene eins hast keunstskilders. "Ze waren ontzettend goed in het schilderen van decoratieve elementen. Zij beschilderden dan het behang met een scene die de opdrachtgever graag wilde hebben", leit Palil-Trip út.

Famylje Bienema

Wêr't de opdrachtjouwer krekt om frege hie, is net bekend. Der is in fermoeden wa't de bewenner fan it pân wie. "We hebben het idee dat het de familie Bienema is geweest. Zij woonden in de buurt en we weten dat deze familie ook in het bezit was van een boeier."

Restaurator Maiki Kivinen oan it wurk - Foto: Museum Heerenveen

It skilderij wie net mear yn de bêste steat. "Het is uitgesneden en meegenomen. En er zijn eerder pogingen gedaan om het te restaureren, maar dat waren helaas niet de behandelingen die het doek nodig had."

De profesjonele restauraasje waard dien troch ekspert Maiki Kivinen. "Ze heeft het doek helemaal ontdaan van alles wat er ooit bij is gekomen en hersteld in zijn oude glorie."

Konservator Linda Palil-Trip

(advertinsje)
(advertinsje)