HCL krijt famyljekronyk

11 nov 2011 - 19:45
Foto: HLC Ljouwert

It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat in 17e ieuske famyljekronyk fan de famylje Siderius krigen. De kronyk is in jefte fan skriuwer Johannes Woudstra dy't in moai plakje foar it boek socht.

De Ljouwerter Meynte Mathijs is yn 1653 úteinset mei it byhâlden fan it boekwurk. Uteinlik stiet der rom 160 jier oan famyljehistoarje yn. De lêste oantekening is makke yn 1814. De oantekens geane fral oer trouwen, begraven en berten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)