Dielnimmers Digi-Taalhuis skriuwe poëzybondel

10 sep 2019 - 13:26

Dielnimmers fan Digi-Taalhuis yn Harns en Dokkum hawwe de ôfrûne tiid drok dwaande west om in poëzybondel te skriuwen. Dat is spesjaal, want dizze minsken hawwe muoite mei bygelyks lêzen en skriuwen.

Foto: Omrop Fryslân

De bondel hat de namme 'Dichterbij, Tichterby' krigen. De gedichten binne skreaun yn de memmetaal fan de dielnimmers. Sa steane der bydragen yn it Taisk en it Arabysk yn de bondel. Njonken de gedichten yn de memmetaal fan de dielnimmers is ek in Nederlânske oersetting fan de gedichten yn de bondel opnommen.

It boek wurdt dizze wike op ferskillende plakken yn Noard-Fryslân presintearre. Tiisdei is de earste presintaasje: boargemaster Wassink fan Skylge nimt it earste eksimplaar fan de bondel yn ûntfangst yn de Skylger biblioteek.

Op www.ontdekdebieb.nl kinne jo sjen wêr't jo in eksimplaar krije kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)