Meiwurker fytsferhier It Amelân fertocht fan ferkrêfting

10 sep 2019 - 12:06

In 34-jierrige man út Slowakije wurdt derfan fertocht dat hy yn de nacht fan 31 maaie op 1 juny by Buren op It Amelân in 24-jierrige frou ferkrêfte hat. De man soe de frou fan har fyts lutsen hawwe en yn in drûge sleat ferkrêfte hawwe.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Slowaak moast tiisdeitemoarn foar de Ljouwerter rjochtbank ferskine. De saak waard noch net ynhâldlik behannele, omdat advokaat Bert de Haan om oanfoljend ûndersyk frege hat. De fertochte, wurksum by in fytsferhierbedriuw op it eilân, soe it slachtoffer nei in besite oan diskoteek Swinging Mill yn Nes ferkrêfte hawwe.

De frou wie mei in oantal kollega's op stap. Se wie earder fuortgien en fytste allinnich nei de camping dêr't se ferbleau. Underweis soe se troch de fertochte, dy't dy jûn ek yn 'e disko wie, ferkrêfte wêze. De man hat sels ferklearre dat de frou frijwillich seks mei him hân hat.

Krassen op it lichem

De oantroffen spoaren passe neffens de offisier fan justysje Eelco Jepkema by de tadracht sa't dy troch de frou jûn is. De Slowaak hie krassen op syn lichem, neffens him kaam dat omdat hy mei syn fyts yn 'e strûken fallen wie. De rjochtbank bepaalde dat der trije tsjûgen heard wurde sille by de rjochter-kommissaris.

Ien fan de tsjûgen hat it slachtoffer as lêste sjoen foar't se ferkrêfte wêze soe en dêrnei wer as earste kontakt mei har hân hawwe. Ek it slachtoffer sil by de rjochter-kommissaris heard wurde. Yn ferbân mei it ûndersyk sit de Slowaak noch hieltyd fêst. Dat sil ek sa bliuwe oant de folgjende sitting. In datum is noch net bekend.

Trefwurden: 
It Amelân ferkrêfting buren
(advertinsje)
(advertinsje)