Ljouwerter amateurklup ynstallearret kamera's foar livestream en fideo-analyze

10 sep 2019 - 11:38

Thúsbliuwers hoege meikoarten gjin wedstriid fan fuotbalklup Blau Wyt '34 yn Ljouwert mear te missen. Der komme kamera's by it fjild sadat de wedstriden live te folgjen binne. De opnames kinne ek brûkt wurde foar analyzes troch trainers.

It haadfjild fan Blau Wyt '34 - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Fiif kamera's nimme de wedstriden op en de bylden kinne ek live streamd wurde. De bylden binne te sjen fia it systeem 360 Sports Intelligence dat in soad mooglikheden biedt wat technyske analyze oanbelanget, seit foarsitter Jacques van der Hoek fan de klup. It systeem is eigendom fan de heit fan ien fan de jeugdleden en ek de lieder fan it team dêr't syn soan yn spilet.

Automatyske gearfettingen

It systeem kinst sa ynstelle dat der automatysk gearfettingen makke wurde. Kinst ek oanjaan wêr't de opnames harren op rjochtsje moatte bygelyks corners. Dat wurdt allegearre opslein en trainers kinne der wer op weromfalle by analyze. Wy binne dan wol in amateurferiening, mar it begjint aardich profesjoneel te wurden, seit Van der Hoek.

Tests

Van der Hoek seit dat ONT yn De Pein al in skoftsje gebrûk makket fan it konkurrearjende systeem Voetbal TV. Blau Wyt '34 is yn Noard-Nederlân de earste klup dyt it systeem 360 Sports Intellligence brûkt. De ynstallaasje is fierhinne klear. Tiisdei wurde de kamera's ynregele en de kommende wiken binne der tests. It doel is dat alles wurket op 5 oktober, mei de Ljouwerter twastriid tusken Blau Wyt '34 en de Ljouwerter Sweltsjes. Dan kin elkenien meisjen mei de wedstriid.

Foarsitter Jacques van der Hoek fertelt oer it nije fideosysteem

(advertinsje)
(advertinsje)