Jongeren út Grinzer ynstelling naaie út nei Ljouwert

10 sep 2019 - 11:10

De ôfrûne wiken binne meardere kearen jongeren fuortrûn út de sletten jongereinynstelling Elker yn Grins. Sy dûkten dan wer op yn Ljouwert. Mar hoe komme se dêr telâne? RTV Noord socht it antwurd dêrop.

Jongereinynstelling Elker yn Grins - Foto: Google Street View

Neffens wurdfierder Géanda Prozée fan Elker, foarhinne bekend as Het Poortje, is it net sa dat Ljouwert in bysûndere oanlûkingskrêft hat op de jongerein dy't yn de ynstelling ferbliuwt.

"Ze worden ook opgehaald uit andere plaatsen. Dat kan een andere stad zijn, of juist een dorp in de provincie. Maar dit zijn nu de gevallen waar de politie melding van heeft gemaakt."

"Geen weglopers"

Prozée wol it byld fan 'weglopers' graach nuansearje. Neffens har giet it om jongeren dy't net weromkomme fan ferlof.

De jongeren giene nei alle gedachten net samar nei Ljouwert. "In het algemeen is het zo dat ze naar hun eigen vertrouwde omgeving gaan, of ze horen iets van anderen." Fanwege de privacy kin Prozée fierder net yngean op de achtergrûnen fan de teeners.

Se wiist der wol op, dat it yn in oantal gefallen om deselde jongeren gean kin, dy't har net oan de ferlofôfspraken hâlde. Folgje der dan sanksjes? "Dat verschilt van persoon tot persoon en hangt af van de situatie."

Opfallend

Eksakte sifers oer de plakken dêr't de jongeren dy't net weromkomme fan ferlof hinne gean, hat Prozée net foarhannen. "Het is inderdaad opvallend, dat hadden we zelf ook al gezien. Het zijn jongeren uit het Noorden, dat kunnen dus ook Friese jongeren zijn. Maar ze gaan bijvoorbeeld ook naar Oost-Groningen terug."

Jongerein út Noard-Nederlân

De sletten jongereinsoarchynstelling oan de Hoogeweg yn Grins is foar jongeren út Grinslân, Fryslân en Drinte. Sa no en dan bart it ek wolris dat der ien út in oar diel fan it lân yn Grinslân pleatst wurdt. "'Bijvoorbeeld als een rechter oordeelt dat het goed is als iemand uit zijn omgeving weg moet."

Nei rjochterlike útspraak

Jongeren komme by de Elker-ynstelling yn Grins telâne nei tuskenkomst fan de rjochter dy't in machtiging ôfjaan moat. "Het gaat om jongeren die bijvoorbeeld het slachtoffer zijn van loverboypraktijken. Of jongeren die suïcidaal zijn en die we tegen zichzelf in bescherming moeten nemen. Niet om criminele activiteiten", leit Prozée út.

"Zelf gebruiken wij de term 'jeugdzorg-plus'. Het is de zwaarste vorm van jeugdzorg." Jongeren krije wol beperkingen oplein, mar it giet net om in finzenis. "En dat is nog wel het beeld dat bestaat bij veel mensen. Jongeren worden ook niet gefouilleerd, ofzo."

Kwetsbere jongeren

"Bij ons zitten kwetsbare jongeren, met heel veel verschillende problematiek. We stoppen niet meer zoals vroeger een jongere een aantal jaren weg. Dat is ook niet meer waar we als maatschappij in geloven. Het werk dat wij doen, is alleen een tussenstation."

Het Poortje

Op it plak fan Elker siet eartiids jongereinfinzenis Het Poortje. De hekken steane der noch wol. Dat soarget bytiden foar betizing. "Die gaan we nog weghalen, want de associatie met de jeugdgevangenis past er niet meer bij", seit Prozée.

"Juist als er hekken staan, zijn jongeren misschien eerder geneigd weg te lopen. We willen het terrein de komende jaren aanpakken."

(advertinsje)
(advertinsje)