Politike diskusje yn Den Haag oer NPO3 as regiostjoerder

10 sep 2019 - 11:00

Yn Den Haag sil de polityk woansdei prate oer de takomstfyzje op de publike omrop fan minister Arie Slob. Sa wol de mediaminister ûnder oare op NPO3 plak meitsje foar programma's fan regionale omroppen. It regionale telefyzje-oanbod moat sa in grutter berik krije.

De regionale omroppen (RPO) binne posityf oer de plannen. Sa hawwe se de Twadde Keamerleden witte litten yn in brief. De RPO hat in filmke makke oer it ferskaat fan de ferskillende omroppen

Minister Slob kaam mids juny mei syn fyzje op de takomst fan it publike-omropbestel. Hy wol ynstekke op ûnôfhinklike, betroubere en kwalitatyf heechweardige media. Der moat mear gearwurke wurde tusken de lokale, regionale en lanlike omroppen.

Yn de gearkomste fan woansdei praat de mediakommisje fan de Twadde Keamer fierder oer de plannen fan minister Slob

(Advertinsje)
(Advertinsje)