Auke de Vries kriget tongersdei Gerrit Bennerpriis, freed giet eksposysje iepen

10 sep 2019 - 10:42

Keunstner Auke de Vries kriget tongersdei de Gerrit Bennerpriis 2019. De oerlanging fan de priis is ek de start fan de iepening fan in ekspoysje mei it wurk fan De Vries yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Foto: Piet Gispen

De Vries wûn de priis foar syn yndrukwekkende oeuvre, meastentiids yn de iepenbiere romte, ûnder oare yn Barcelona, Berlyn en Parys. Yn it Fries Museum is in kar út syn skulptueren te sjen. Der is ek in soart atelier neiboud dat sjen lit hoe't De Vries te wurk giet. Foar it jier 2000 makke De Vries in keunstprojekt fan it Fryske leger. Dat komt werom nei it museum yn Ljouwert. Mei de Gerrit Bennerpriis is in bedrach fan fiiftûzen euro anneks.

De Gerrit Bennerpriis is in twajierlikse priis foar byldzjende keunst fan de provinsje Fryslân. Benner wie in Fryske lânsskipsskilder dy't libbe yn de 20e iuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)