Takom jier grut ynternasjonaal darttoernoai yn Ljouwert

10 sep 2019 - 10:40

Der komt takom jier in grut ynternasjonaal darttoernoai nei Ljouwert. Dat hat it kommersjeel dartbûn, de Professional Darts Corporation, bekend makke. Op 11 oant en mei 13 septimber 2020 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert in European Tour hâlden wurde.

Oan dat toernoai dogge de bêste spilers fan de wrâld mei, lykas Michael van Gerwen, Rob Cross en Daryl Gurney. It fjild wurdt oanfolle mei ynternasjonale en Nederlânske 'qualifiers'. Ek de bêste Fryske darter, Danny Noppert fan De Jouwer, komt nei alle gedachten yn aksje.

Werom nei Fryslân

It is foar it earst sûnt 2007 dat de ynternasjonale darters fan de PDC wer nei Fryslân komme. Doe waard yn Thialf op It Hearrenfean foar it lêst in fliertoernoai hâlden.

Foto: Orange Pictures

It WTC Expo hat inkelde jierren lyn ek besocht de topdarters nei Ljouwert te krijen. Doe slaggen de ûnderhannelingen net en gie it dartsirkwy nei de IJsselhallen yn Zwolle.

Ek twa Players Championships

Njonken de European Tour wurde der yn it WTC Expo yn Ljouwert ek noch twa Players Championships hâlden. Dy folgje inkelde dagen nei it gruttere toernoai.

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Algemien direkteur Peter Ourensma fan it WTC Expo oer de komst fan de darters

Mats Gies oer de European Tour yn Ljouwert

Der sille yn 2020 yn totaal tolve European Tours yn hiel Europa hâlden wurde. De resultaten fan dizze toernoaien binne wichtich foar pleatsing foar it Europeesk kampioenskip, dat as ôfsluting plakfynt.

Trefwurden: 
Ljouwert darten WTC Expo PDC
(advertinsje)
(advertinsje)