File op N31 fanwege botsing en frachtwein mei pech

10 sep 2019 - 09:51

Op de N31 by Ljouwert binne tiisdeitemoarn twa auto's opelkoar klapt. Troch de botsing ûntstie in file fan de Werpsterhoeke ôf oant de ôfrit Ljouwert-east.

Foto: Anton Kappers

Ien fan de rydbanen waard ôfsletten. De plysje en Rykswettersteat wiene oanwêzich om it ferkear oer de rydbaan dy't noch wol iepen wie te lieden.

By de ferkearsljochten oan de ein fan de ôfrit stie in frachtwein mei pech. Dêrtroch wie der noch in rydbaan blokearre.

Trefwurden: 
Ljouwert N31 file
(advertinsje)
(advertinsje)