Kollum: "It meunster fan Loch Ness"

10 sep 2019 - 08:15

"It wie in lyts berjocht tusken al it grutte nijs oer de Brexit, de swierrichheden yn de jeugdsoarch, it teien fan de iiskap op Grienlân en de mear as in heal miljoen bern dy't noait nei de toskedokter ta gean. Ik doel op it berjocht oer Loch Ness, en dat it meunster dêryn in iel wêze soe. In reuze-iel, dat wol, mar likegoed in iel. Ik rekke op slach yn in eksistinsjele krisis. Wiene der dan hielendal gjin wissichheden mear?

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Neffens ûndersikers út Nij-Seelân net. Dy ha Loch Ness op DNA ûndersocht. Op ferskillende plakken en djiptes ha se 250 meunsters fan it wetter nommen. Gjin Nessy's, mar buiskes fol genetysk materiaal fan bygelyks it fel, it hier en de mige fan al it libben yn Loch Ness. Dat materiaal waard ferlike mei in grutte database. Neil Gemmel, de haadûndersiker, sei dat der noch mar ien teory oer wie.

Der wie yn alle gefallen gjin bewiis foar in mytysk bist fûn. In grut, skobbich reptyl wie net oan 'e oarder, likemin as in mânske fisk lykas in marfal. It iennichste dat se fûn hiene wie in ôfgryslik protte DNA fan iel. Dat soe fan in bulte lytse iel komme kinne, of fan in reuze-iel. Nettsjinsteande it feit dat se it meunster sels dus net fûn hiene, wie Gemmel tefreden: 'Dit is it,' sei er, 'de speurtocht is foarby'.

Dy konklúzje sloech my krekt sa telider as in optreden fan Bløf. Of as it nijs dat Monica Keijzer listlûker fan it CDA wurde wol. Behalve foar mysels fyn ik it ek begrutlik foar de Skotten. Al 1500 jier lang ha se in folsleine toeriste-yndustry om Nessy hinne boud. Want sa lang wurdt der al oer it meunster praten. Yn 564 is it sjoen wurden troch de Ierske pryster Columba. Dy wie op in missy om de Skotten ta it kristendom te bekearen doe't er by in begraffenis by de rivier de Ness kaam.

Neffens omstanners wie de man dy't begroeven waard deade troch in 'wetterbist'. Doe't Columba dat nijs hearde, stjoerde er mei-ienens syn assistint Lugneus it wetter yn. It meunster dûkte op en foel Lugneus oan. Columba, dy't heldhaftich op 'e wâl stie, tilde syn Latynske krús op en spruts út namme fan God: 'Oant safier en net fierder! Reitsje dy man net oan! Opsokkebalje!'

It meunster waard sa kjel dat er ôfblaasde en him weromluts yn de djipten fan de mar. Lugneus oerlibbe it foarfal en de minsken dy't dêrby wiene bekearden harren fuortendaliks ta it kristendom. As it meunster neffens Neil Gemmel net bestiet, betsjut dat dan ek wat foar it kristendom yn Skotlân? Of yn it algemien?

Hawar, ik fyn it spitich dat kryptooölogyske bisten lykas de Ferskriklike Snieman, de Ienhoarn, Bigfoot en Nessy net bestean. Hoewol't der op itselde stuit in kryptosoölogyske dinosaurus troch de politike porsleinkast yn Ingelân batst. De Boris Polarisaris Johnsonosaurus. Alles barst en kreaket ûnder dy syn geweld, yn 't bysûnder de parlemintêre demokrasy.

Miskien soe Neil Gemmel ris ûndersykje moatte oft de Johnsonosaurus wol echt bestiet. Of dat dy mei de Ferskriklike Snieman en Nessy yn it rariteitekabinet kin. Sa'n konklúzje soe nammentlik hiel goed foar myn eksistinsjele krisis wêze."

(Advertinsje)
(Advertinsje)