Kampanje tsjin selsdeading: "Erover praten kan opluchten"

10 sep 2019 - 07:34

GGD Fryslân begjint tiisdei mei in publykskampanje foar selsmoardprevinsje, rjochte op jongeren. Krekt as yn de ôfrûne jierren fiert GGD Fryslân dizze kampanje yn gearspraak mei de lanlike organisaasje 113 Zelfmoordpreventie. Doel fan de kampanje is om it taboe rûnom selsdeading te trochbrekken en sjen te litten dat deroer prate, helpe kin.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it jier 2018 makken goed 1.800 Nederlanners in ein oan harren eigen libben. Lanlik sjoen giet it dan om in delgong fan 5 persint; yn Fryslân wie de delgong noch grutter: 10 persint. "We zien gelukkig een afname, maar je kunt niet zeggen dat het een structurele daling is. Daarvoor moet je toch over meerdere jaren kijken", seit Reinder van Zaane fan de GGD Fryslân.

Jongerein

Under minsken yn de leeftiid fan 20 oant 40 jier is it oantal selsdeadingen lykwols tanaam. Dêrom rjochtet GGD Fryslân him yn de kampanjewike op jongerein tusken de 12 en 27 jier. Ut ûndersyk fan 113 Zelfmoordpreventie docht bliken dat 1 op de 10 jongeren yn dizze leeftiidskategory selsmoardgedachten hat.

"We vinden het belangrijk om hier aandacht aan te besteden en te proberen het zelfdodingscijfer omlaag te krijgen. De boodschap daarbij is dat erover praten echt kan helpen en opluchten."

Reinder van Zaane oer de kampanje

Om it taboe te trochbrekken, freget de GGD skoallen om it tema selsdeading ûnder de oandacht te bringen. It giet dan om middelbere skoallen en mbû- en hbu-skoallen. "Daarbij krijgen scholen posters met de boodschap dat erover praten kan helpen." Ek sil it ûnderwerp ûnder de oandacht brocht wurde fia de radio en sosjale media.

Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)