Groeiende belangstelling foar húswurkynstituten

10 sep 2019 - 07:02

"Als scholen hun werk goed deden, dan zijn wij overbodig." Dat seit direkteur Rutger Boelsma, direkteur fan it Ljouwerter húswurkynstitút RBC. Mar se binne wol nedich, blykt út de groeiende belangstelling. Yn Ljouwert naam net allinnich it tal dielnimmers ta, mar kamen der ek meardere húswurkynstituten by.

Foto: ANP

De digitalisearing fan it ûnderwiis spilet de lêste jierren ek in wichtige rol: hieltyd mear âlden ha muoite om de bern te helpen by it digitale húswurk. It stiet faak net mear opskreaun yn de aginda's, mar ek mei koades op de kompjûter of it tablet.

Húswurkynsituten hâlde har net allinnich dwaande mei help by it húswurk, mar ek mei bylessen, eksamentraining, skripsjebegelieding en stúdzje- en beropskar. Allegear resaken dy't eins thúshearre by it reguliere ûnderwiis, soene je tinke, mar de praktyk is blykber oars.

Rutger Boelsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)