Fryslân telt oer fyftjin jier goed 8.000 minder ynwenners

10 sep 2019 - 06:02

De befolking fan Fryslân sil yn 2035 mei 1,25 prosint krompen wêze. Dit docht bliken út foarsizzingen fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) en it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL) dy't tiisdei ferskine. De Fryske gemeente dy't it hurdst krimpt, is Waadhoeke. Nei ferwachting wenje dêr yn 2035 8 prosint minder minsken.

"Het verschil tussen het aantal mensen dat er geboren wordt en dat overlijdt is negatief", leit Andries de Jong fan it Planbureau voor de Leefomgeving út. "En dat blijft in de toekomst ook negatief."

Mei elkoar sil it oantal ynwenners fan Nederlân krekt flink groeie. Mei in miljoen mear ynwenners as no telt ús lân 18,3 miljoen ynwenners. De groei komt lykwols wol foaral foar rekken fan de Rânestêd en de middelgrutte stêden.

Foto: Omrop Fryslân

Andries de Jong fan it Planbureau voor de Leefomgeving

De hurdst groeiende gemeente yn Fryslân is Ljouwert. De prognoaze is dat yn 2035 goed 127.000 minsken yn de Fryske haadstêd wenje; in groei fan 4,2 prosint. "Dat komt omdat er in Leeuwarden nog wel wat woningbouw gepland is. Dat trekt mensen aan. Hetzelfde geldt voor Súdwest-Fryslân en Heerenveen", seit De Jong. De gemeente Ljouwert lûkt ek (ynternasjonale) studinten oan.

Fergrizing

Utsein dat de Fryske befolking krimpt, is de ferwachting ek dat de fergrizing yn de Nederlânske rânegemeenten it hurdst gean sil. Yn de gemeenten Opsterlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Waadhoeke, Skiermûntseach en Skyge is yn 2035 mear as 30 prosint fan de ynwenners 65 jier of âlder. Yn 2018 wennen yn Fryslân goed 134.000 65-plussers. Yn 2035 binne dat der neffens de foarsizzingen mear as 174.000.

Trefwurden: 
CBS befolkingsgroei
(advertinsje)
(advertinsje)