Heechspringer Douwe Amels mei nei it WK yn Doha

09 sep 2019 - 21:28

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten is offisjeel selektearre foar it WK yn Doha yn Katar. It wurdt de twadde kear dat er meidocht oan it wrâldkampioenskip. De earste kear wie yn 2013, doe helle er de finale net. Amels hie him no wer kwalifisearre mei in sprong fan 2,28 meter, mar moast earst noch wachtsje op offisjeel berjocht.

Foto: www.orange-pictues.nl

Douwe Amels

"It wie wol spannend, want de offisjele limyt wie eins 2.30 meter en dy hie ik noch net sprongen", leit Amels út. Der wurde 32 heechspringers selektearre foar it WK. "Mar der wiene net genôch springers dy't de limyt fan 2.30 sprongen hiene. Doe seagen se wa't dêrnei de bêste springers wiene. Dêr siet ik by."

It WK begjint op 27 septimber en duorret oant en mei 6 oktober. Amels syn kwalifikaasje is op 1 oktober. "Dan springe we mei alle heechspringers. De bêste tolve gean op 4 oktober op foar de finale."

Trefwurden: 
WK Douwe Amels heechspringe
(advertinsje)
(advertinsje)