Frou krijt wurkstraf foar leechrôvjen fan kuolkast fan buorfrou

In frou fan 63 jier hat in wurkstraf fan 60 oeren en in selstraf fan in moanne ûnder betingst oplein krigen foar stellerij. Se hie yn maaie de kuolkast fan de buorfrou yn de senioareflat yn Oentsjerk leechrôve. Se naam tsiis, ham, spek en in 'maaltijdsalade' mei, want se hie honger, sa sei se tsjin de plysjerjochter. Se wie dronken op it momint fan de stellerij.
© ANP
De frou wist dat har buorfrou net thús wie en wist ek wêr't se de kaai fine koe. De buorfrou miste ek in slúf mei 3.000 euro. De fertochte sei dat se dêr neat fan wist. Om't dêr gjin bewiis foar wie, waard se dêrfan frijsprutsen. Wol krige se in feroardieling foar it trije kear lek prikken fan de bannen fan de lisfyts fan de buorfrou.
Dat hie se dien nei't de buorfrou pamfletten yn it kompleks ophongen hie mei dêryn de melding wat de fertochte dien hie.
Neist de wurkstraf hat de rjochter in alkoholferbod oplein en moat se har behannelje litte.
Earder wie alris in straf ûnder betingst oplein foar stellerij fan twa flessen. Dy straf moat se no ek dwaan. De frou wennet net mear yn de senioareflat.