Liesette Bruinsma pakt sulver op de 50 meter frije slach op it WK

09 sep 2019 - 20:37

Liesette Bruinsma fan Wommels swimt dizze wike op it Wrâldkampioenskip paraswimmen. Se docht mei oan ferskate dissiplines. Op de 50 meter frije slach moandei waard se twadde yn in tiid fan 30.47.

Foto: ANP

Bruinsma kwalifisearre har mei de twadde tiid. Se wie yn de finale wol rapper, yn de kwalifikaasje helle se noch 30.70, mar koe de Oekraynske Maryna Piddubna net ferslaan. Li Guizhi út Sina waard tredde.

Foar Bruinsma wie it dûbeld feest, want se hie ek har jierdei. "It gong hiel goed, better as fan 'e moarn. En it bêste jierdeikado oait," sei Bruinsma.

Bruinsma moat woansdei wer swimme, dan docht se mei oan de 100 meter skoalleslach. Dêrnei folgje noch de 200 meter wikselslach, de 100 meter frije slach en de 400 meter frije slach.

(advertinsje)
(advertinsje)