Hydraloop: tûk apparaat om smoarch wetter yn hûs wer te brûken

09 sep 2019 - 20:29

De Hydraloop is in apparaat dat smoarch húshâldlik wetter sa skjin makket, dat it foar in twadde kear brûkt wurde kin. It wetter wurdt sa skjin dat je it eins wol drinke kinne, mar it wurdt yn in twadde wetterlieding yn hûs benammen brûkt foar it trochspielen fan it húske.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd is it apparaat yn in tal nije wenningen test en ha ferskate partijen de bernesyktes derút helle. Sa binne bygelyks lytse lekkaazjes oplost en is it apparaat folle stiller makke.

Foar it apparaat, dat troch Hydraloop Systems by Wetsus yn Ljouwert ûntwikkele is, bestiet in soad ynternasjonale belangstelling. Dat is logysk om't genôch skjin drinkwetter hieltyd minder fanselssprekkend is.

De ferdrûging, it sâlter wurden en de ferduorsuming freegje allegear om suniger om te gean mei wetter. Yn lannen dêr't folle minder skjin drinkwetter beskikber is, spilet dit fansels noch sterker. Yn ús lân brûkt in persoan deis rûchwei 130 liter wetter.

Ut de proef docht bliken dat sa'n 85% dêrfan op 'e nij te brûken is. De proef waard moandei yn Ljouwert feestlik ôfsletten. Neffens bewenner Max Hietkamp wurket it wetter-recyclingsysteem no sa't it bedoeld is.

Bewenner Max Hietkamp en direkteur Arthur Valkieser by de Hydraloop

Bewenner Max Hietkamp (l) en dir. Arthur Valkieser by de Hydraloop - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De proef yn Blitsaerd waard útfierd yn gearwurking mei PLANHUS Nederlân, boubedriuw Kimsma, ynstallateur P. de Vries en de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert wetter Hydraloop
(advertinsje)
(advertinsje)