FIDEO: It Polytburo mei Harry van der Molen

09 sep 2019 - 19:36

By It Polytburo, it wyklikse politike programma fan Omrop Fryslân, is te gast Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA). Te praat komt ûnder oare de regionale finsterprogrammearring.

Minister Slob fan mediasaken soe sjen moatte nei finansjele stipe foar regionale deiblêden. Dat seit Harry van der Molen, keamerlid foar it CDA yn It Polytburo. Guon kranten sitte yn swier waar troch weromrinnende reklame-ynkomsten en minder abonnees. Van der Molen wol dat Slob ûndersiket oft it Deenske model, wêrby't de oerheid kranten stipet, ek yn ús lân tapast wurde kin.

Finstermodel

De Twadde Keamer praat tiisdei oer it mediabelied fan minister Slob. Dy wol de regionale omroppen ekstra jild jaan èn in fêst plakje op NPO3, yn in saneamd finstermodel. In pilot mei regionaal nijs op de lanlike stjoerder hat yntusken west, dêr die Omrop Fryslân ek oan mei. Neffens Van der Molen wie dat in sukses en moat dat foar hiel Nederlân ynfierd wurde. Soks is ek fêstlein yn it regearakkoart.

(advertinsje)
(advertinsje)