Programma's Omrop Fryslân tenei werom te sjen op NLZiet
De programma's fan Omrop Fryslân binne tenei ek te sjen by NLZiet, de ynternetside en app dêr't programma's fan 21 Nederlânske stjoerders werom te sjen binne. Dan giet it bygelyks om programma's fan de NPO, mar ek fan de kommersjele stjoerders.
Ek de programma's fan de oare regionale omroppen krije romte by NLZIET. Dat jildt foar sawol de live- as de replaystreams fan de omroppen. Dêrmei groeit it oanbod fan NLZIET nei 34 livestreams en nei mear as 100.000 on demand programma's.