WK yn eigen lân foar Tristan Bangma is 'Wedstriid fan de Wike'

09 sep 2019 - 18:32

Tristan Bangma giet op jacht nei in wrâldtitel. De parahurdfytser fan Donkerbroek komt dizze wike út op it WK, dat yn Emmen hâlden wurdt. Bangma en syn piloat Patrick Bos ride tongersdei de tiidrit en sneon de wedstriid op 'e dyk. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

Trochdat Bangma foar in grut part blyn is, moat er mei in piloat ride. Op it ûnderdiel tandem komme se út en geane se foar goud. Dy kânsen binne it grutst op sneon. "De wedstriid op 'e dyk leit se better as de tiidrit. Sneon kinne se foar de oerwinning gean. As se dat tongersdei ek wolle, moatte se echt in goeie dei hawwe", wit sportferslachjouwer Andor Faber.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)