Drachtster docht oanfal op wrâldrekôr darten foar sykte ALS

09 sep 2019 - 18:31

Raymond Brink fan Drachten sil 72 oeren achterinoar darte foar ALS. Hy docht dat yn in kroech yn Drachten en begjint tiisdei. It wrâldrekôr stiet op 65 oeren en 20 minuten, dus it is ek in oanfal op it wrâldrekôr.

Foto: ANP

"Ik ben er klaar voor", seit Raymond Brink. Hy kaam op it idee nei't in freon fan him ferline jier goed 65 oeren dart hie, dat wie ek foar in goed doel. "Ik dacht, ik wil dat record verbreken en dan kies ik ook een goed doel. Dat is ALS geworden, want een goede kennis van mij is aan deze slopende ziekte overleden. Op deze manier hoop ik mijn steentje te kunnen bijdragen."

Hoe hat er him taret? "Niet, ik heb weleens een paar uurtjes gegooid, maar verder niks." Yn totaal hat er seis oeren skoft. "Ik mag zelf bepalen wanneer en hoelang ik pauze neem. Dus ik heb twaalf minuten per uur, en als ik dan eerst vijf minuten doe, kan ik wat opsparen voor een langere pauze in de nacht." Fan syn freon wit er dat it wol dreech is. "De eerste 24 uur vallen nog wel mee, na 48 uur komt de inzinking en dan moet je verder op karakter."

Hy docht syn wrâldrekôr yn kafee De Postulant yn Drachten oan de Stationsweg. Dêr dogge se ek mei oan de aksje. "Er staat een bak in de kroeg voor geld en per consumptie gaat een deel naar het goede doel. En een voetbalclub doet de kantine dicht en dan komen de sporters ook naar de kroeg."

Syn stribjen is om 10.000 euro op te heljen. Minsken kinne donearje op de webside fan ALS.

De earste pylk wurdt tiisdei om 13.00 oere smiten troch boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân. Sneon wurdt ek noch in benefytkonsert yn Drachten hâlden.

Raymond Brink

(advertinsje)
(advertinsje)