HEA! Op 'en paad mei de truckers

09 sep 2019 - 17:39

Heech yn de kabine njonken in frachtweinsjauffeur sitte en sa in hiele dei fuort te riden. Machtich. Jan Klijnsma organisearre foar de tsiende kear in truckrit werby't minsken mei in beheining as byriders mei mochten. Mar leafst 86 frachtweinen dienen mei. In belibbenis foar sawol byrider as sjauffeur. En in spesjale edysje foar Klijnsma sels, hy fierde dy dei syn 50ste jierdei.

(advertinsje)
(advertinsje)