Wolvegeaster swierferwûne nei mishanneling Langsweagen, plysje siket tsjûgen

09 sep 2019 - 16:58

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't mear witte oer in swiere mishanneling ôfrûne wykein yn Langsweagen. Yn de nacht fan sneon op snein fûn dat ynsidint plak, op de krusing tusken Het Hou en it Paradys. Ien slachtoffer leit noch hieltyd swierferwûne yn it sikehûs.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De mishanneling barde nei in tintefeest oan de Paradys yn Langsweagen. De twa slachtoffers binne manlju út Wolvegea, fan 29 en 25 jier. Oer mooglike dieders is noch neat bekend.

Minsken dy't mear witte oer it ynsidint wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje fia telefoannûmer 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)