Pieter Weening selektearre foar WK hurdfytsen: "Bysûnder dat se my freegje"

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is selektearre foar de weiwedstryd by it WK hurdfytsen, ein septimber yn Yorkshire yn Ingelân. Weening moat mei seis oaren kopman Matthieu van der Poel nei earemetaal en leafst nei de wrâldtitel ride. By de seleksje sit ek de Fryske Grinslanner Bauke Mollema.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
"It is altyd noch wol bysûnder datst frege wurdst", seit Pieter Weening. Mooglik ha se him frege fanwegen syn jierrenlange ûnderfining. "Ik kin sûnder dûbele aginda ride. It doel is om ús kopman Mathieu van der Poel by it goud te bringen. Ik kin mysels hûndert prosint fuortsiferje."
Neffens de Harkyt is Van der Poel wol in kânshawwer, "mar Sagan is der ek by. It is simpel, Mathieu moat gewoan rêstich bliuwe en wy moatte him as ploech safier mooglik sjen te bringen."
Hoelang't de 38-jierrige Weening sels noch fytst, wit er noch net. "Ik ha noch net in nije ploech, mar ik ha der ek gjin stress fan. Komt der wat leuks foarby, dan fyts ik noch in jier. Ik bin oan it rûnsjen."
Pieter Weening
It is foar de 38-jierrige Weening de sande kear dat er meidwaan mei oan it WK op de wei. Ferline jier wie de lêste kear, Weening waard doe 69ste.
Syn bêste resultaat wie yn 2009, doe helle er it 24ste plak.