Sportcast: "Cambuur spilet foar de top trije"

09 sep 2019 - 16:46

SC Cambuur hat spile, Tjisse Steenstra hat it punteklassemint by it keatsen wûn en Nyck de Vries is op wei nei de titel yn de Formule 2; genôch te bepraten. Sportferslachjouwers Arjen de Boer en Andor Faber liede jo tegearre mei presintator Andries Bakker troch it Fryske sportwykein.

Foto: Omrop Fryslân

SportCast 9 septimber

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean kaam dit wykein net yn aksje. Cambuur spile wol: de Ljouwerters wûnen mei 2-0 by Telstar. Andor Faber fûn Cambuur sterk yn de earste helte: "Cambuur hie by it skoft 3, 4-0 foar stean moatten. No waard it yn de twadde helte noch efkes bibberjen."

De mannen binne ûnder de yndruk fan de brede seleksje fan de Ljouwerters. Jarchinio Antonia, Doke Schmidt en Sven Nieuwpoort komme ynkoarten werom fan blessueres. Boppedat kloppet oanfaller Ragnar Oratmangoen op 'e doar. Arjen de Boer fynt Antonia in echte basisspiler, mar is benijd wa't dan út it alvetal ferdwynt.

Neffens Faber moatte Issa Kallon en benammen Giovanni Korte harren soargen meitsje: "Korte hat noch net sjen litten dat er fan mearwearde wêze kin foar Cambuur."

Foto: Omrop Fryslân

Tjisse Steenstra hat it punteklassemint wûn by it keatsen. De mannen fine wol dat Steenstra dit fertsjinnet. Neffens Faber ûntbrekt der noch ien ding yn syn karriêre: "Mei syn statuer en mei dat partoer hie hy de PC al lang in kear winne moatten."

Nyck de Vries liket it kampioenskip yn de Formule 2 foar it gripen te hawwen. Neffens Andries Bakker hoege wy him lykwols takom jier net te ferwachtsjen yn de Formule 1: "Der is eins noch mar ien plakje frij en De Vries is net de iennige dy't dêrfoar yn oanmerking komt." De nûmer twa fan de Formule 2 kriget wol in plakje yn de Formule 1. Arjen de Boer kin dat net begripe: "Ik fyn it fan de 'sotte' dat de nûmer twa wol in plakje in de Formule 1 krijt en de grutte winner net."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)