Foarlêze by jonge bern moat problemen mei lêzen en skriuwen foar wêze

09 sep 2019 - 16:42

Om it belang fan foarlêzen by jonge bern, fan nul oant twa jier, ûnder de oandacht te bringen is in projekt start dat 'laaggeletterdheid' foarkomme moat. Humanitas, dbieb en GGD/JGZ wurkje dêrby gear om sjen te litten dat foarlêze leuk én belangryk is.

Foto: Omrop Fryslân

"Sommige ouders komen makkelijk in de bibliotheek, maar er zijn ook gezinnen die we niet zien", fertelt Cecile van der Schuyt fan dbieb. "We willen zo vroeg mogelijk beginnen alle ouders met jonge kinderen komt wel op het consultatiebureau. Daar is dan iemand met een collectie boeken die kan vertellen over het belang van voorlezen. Het gaat erom dat je 'talig' bezig bent, dus een liedje zingen terwijl je je kind in bad doet, kan ook. En kinderen zijn gratis lid van de bieb. We schrijven zelfs baby's in."

Sa'n 2,5 miljoen folwoeksenen ha muoite mei lêze en skriuwe en it komt ek foar dat bern al op de basisskoalle achterstân hawwe. "Door als ouder met je kind te lezen kun je de woordenschat van je kind ontwikkelen. Maar het moet geen leren als op school zijn, het is vooral een leuk moment."

Mei de gearwurking fan de ynstellingen hoopje se effisjint te wurkjen. "We willen aan de voorkant insteken om de kansen van de kinderen te vergroten."

Rûtekaart

In spesjale rûtekaart wiist âlden it paad op it mêd fan lêzen. Dêrop stiet ynformaasje dêr't âlden gebrûk fan meitsje kinne oer (fergeze) middels lykas it Boekstartkoffertje, Taalkado, it foarlêsprojekt fan Humanitas en het pjuttehealoerke yn dbieb.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De kaart is fan nije wike ôf te krijen op de konsultaasjebureaus yn Ljouwert, dbieb en de gemeente Ljouwert.

Ferslachjouwer Rene Koster praat mei Cecile van der Schuyt fan dbieb

By de presintaasje stiet gastfrou Thea by de stand Boekstart. Se jout advys oan âlden wat se lêze kinne. "Der binne foar de allerjongsten sêfte boekjes om te fielen, ek boekjes dy't ritselje. As se in pear moanne âlder binne, kinne se al plaatsjes werkenne. As âlden foarlêze, kinne bern de klanken werkenne en sa de taal ûntwikkelje."

Der binne ek Fryske boeken by. Sels lêst Thea ek foar oan har bernsbern. "Fral de jongste is gek op boeken. Se wurdt hast twa en spilet thús al biblioteekje."

René Koster praat mei gastfrou Thea

Trefwurden: 
Ljouwert foarlêze dbieb pjut
(Advertinsje)
(Advertinsje)